Drie korte verhaaltjes over "it korps" in het Hylpers. Mogelijk volgt nog eens een vertaling.
DE SLACHWORKER
Us korps het ek wol es fan jin dêgen wurop alles slagget. Só waard op in kónkoers in best stik músyk jûnd. Alle leaden wieden tyge goo op dreaf. Spytichgenoch wied de slachworker eigenlik het te goo op dreaf. Hy rekke helendal yn ferfoering en jooch mei de klopper jitte in harden klap op de graete tr6mme dê't it stik al út wied.
Dit fôrfal waard naat licht opnómd. Ealkeneen wied fan rnening dot són ofwyking fan de partytuer punten kostje soed by de beoardealing. By de bekendmekking fan de útslach deech blyken dot men it te sómber ynsiend hee. De jury hee it forfal oen t eend fan it stik búten beskouwing lot. Se tôten neffens jerre rapport, dot de man dy't de graete tróme betene, tidens de útfoering oen syn fôrealders stooch te tynken.
IN OCTAAF FLUGGER
De basbliezer hee it alla breve-teaken oensiend fôr de gewoane fouwerkwartsmaet. Hy wied jitte mar op in kwart fan 't stik de't de oaren de helt al ôfworke heeën. De dyrekteur slooch ôf sooch de "sûndaer oen en see:
"Myn beste man, Jy binne der lang n't by".
Dot hee de basblezer yn de twisketiid ek tróch krygen en hee syn antword al klaer:
Yk hew al yn e gaeten het der oen mankearet dyrekteur, yk mut in oktaaf flugger".
SOENDEN
It korps sol nel it kónkoers tó en it ys te begrypen dot der hard oen worke wordt ó6m it kónkoersstik só go as moaglik ys, yn 'e macht te kriien. By de leste repetysje ys de dyrekteur toch jitte naat tefreaden:
"As der op it kónkoers krekt só spyle wordt as faniend, den hove jime naat op in earsten priis te rekkenjen.Yk soed fórstell wolle óm op sendetemôrn in ekstra repetysje te haalden. Lete we naat te let begónne. Hó lyket jimme haelwei èalven?
De altblezer abbelearet tjian. Ys dot naat bet ryklik betiid, dyrekteur? Yk sol nei serke en haelwei èalwen ys de tênst jitte naat deend". "Tókómme sende hove jimme naat net serke, seit de dyrekteur, "want as'me dit stik goo kenne den binne alle sûnden jimme ferjûnd!"
Bron: Deze verhaaltjes komen uit Hylper stikjes (1977) Voor meer van deze verhaaljes verwijs ik graag naar In octaaf flugger van Gosse Blom.
|